Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


De Alvestêdetocht


De Alvestêdetocht (2009)

Soe de 16e Alvestêdetocht dit jier dan echt komme? Helje yn elts gefal de earste 15 yn 'e hûs. Bestel no de dûbel DVD mei de folsleine skiednis en in blik op de takomst fan De Alvestêdetocht. It begûn allegear mei Pim Mulier dy’t krekt as safolle oaren op redens in dei de alve Fryske stêden by lâns gong. Allinne hy dage de Friezen út om dêr in organisearre tocht fan te meitsjen. Fryslân naam de útdaging oan, de earste Alvestêdetocht wie op 2 jannewaris 1909 en yn in ieu soene der noch fjirtjin folgje. It gehiel groeide út ta in mytysk, suver hillich reedridersfeest. Kreakjend kwalsteriis, swiere wynpûsters, diskwalifikaasjes, wylde en alternative tochten, kjeld, stosnie, ûnbegeanber iis, wekken, beferzen noazen en teannen, tsjusterens, heldedom, benaudens en grutskens. Der besteane in grouwélich tal ferhalen fan prachtige tochten troch winterske Fryske lânskippen. En der wie hûndert jier lang dy machtige ien-twa fan riders en taskôgers. Omrop Fryslân sette de bylden, ferhalen en helden fan eartiids en hjoed de dei del yn trettjin dokumintêres, fan it ferline oant de takomst. De DVD hat Nederlânske ûndertiteling as opsje.